Grou, 1 febrewaris 2015.
Ûndersteand berjochtsje hat mei einen te krijen en mei minsken. Wêr’t de ien fan griist, dêr rint by de oar it wetter om de tosken … lês mar hoe’t Filipino’s smikkelje fan in balut!
Lolke van der Meer reagearre mei in ferhaaltsje út âlde tiden: Alde Otte Veenstra út Wergea fertelde dat er him altyd rêde as er yn it fjild wie. Waard er roppich , dan socht er maitiids in nestke eine-aaien. In rau aike smakke bêst. Soms siet der ek wolris wat hurds yn, mar dat fûn Alde Otte gjin probleem: ‘Der stiet wolris in pykje yn, mar dan slokte twa kear en tocht, no haw ik ek noch in stikje fleis hân’.
Dus, sa frjemd dogge dyn Filipino’s it no ek wer net!