Poppenwier, 25 febrewaris 2017.
It wie gesellich yn De Trilker te Poppenwier tusken 10 en 4 oere. De flechters fan De Strampel lieten sjen hoe’t in koer yn elkoar frissele wurdt. Klaaikuorren, wetterlânkuorren, Trynwâldsterkuorren, wylgetiennen kuorren en toukuorren, se wiene der allegearre. Kwantiteit en kwaliteit binne yn de rin fan de jierren sterk groeid. Understeande foto’s jouwe in ympresje fan de beurs.(klikke op foto, dan grutter)
De hannel wie goed. Kuorren, minikuorkes, nuteklokjes, fûgelhúskes en oare snústerijen giene flot fan de hân. De publike belangstelling wie foaral yn de middeisoeren goed. Moarns wie it oan de stille kant. De minsken hiene alle gelegenheid in praatsje mei de flechters te meitsjen.
De Strampel krige der ek wer in nij lid by, it 92e! De ferkeap fan kuorren wie foardat de beurs begûn al bysûndere goed, der is sels krapte oan kuorren. Sommige flechters wiene al ophâlden mei flechtsjen, mar sille no op ‘e nij oan de slach!
Seizoen 2017 sjocht der foar de einen, wat de kuorren oanbelanget, treflik út!