Beurs wer súksesfol

Poppenwier, 22 febrewaris 2025.

De Beurs fan einekoerflechters 2025 wie wer in súkses.

Yn doarpshûs De Trilker yn Poppenwier kamen sneon 22 febrewaris tsjientallen belangstellenden. Sy koenen mei eigen eagen sjen hoe’t de ferskillende typen einekuorren makke waarden. Guon besikers fernuveren harren oer it grut ferskaat yn kuorren. Faak waard ek in praatsje mei de flechters makke.

De measte flechters hienen in goede omset mei de ferkeap fan de kuorren en de fûgelhokjes. Sommigen wienen útferkocht en krigen kuorren yn bestelling.

Hjirûnder in byld fan de Beurs.