Emmeloord/Wurdum/Grou 26 july 2021
Nei it berjocht ‘Briedresultaten Holwert’ binne der noch in pear reaksjes fan Klaas Stapensea kommen. Op de fragen fan Gjalt oer gelde aaien en de fruchtberens fan jerken. Klaas Stapensea skriuwt:
Later in de broedtijd neemt het aantal paringen af. Er is door minder paringen (met verschillende woerden) relatief meer kans op onbevruchte eieren. Later in het seizoen zijn de woerden “moe” en bereiden zich voor op de wisseling van het verenkleed (wat ook veel energie kost).
Aan het einde van het voorjaar, het begin van de zomer, daalt de hormoonspiegel bij de woerden. Ze krijgen er minder zin in. Maar dat is bij het lengen van de dagen ook een kwestie van instinct. Er zijn daarentegen veel paringen nodig voordat de hormonen bij de eendjes klaar zijn om eieren te leggen.
Het is eigenlijk net als bij veel dieren en ook de mensen: Na zware arbeid worden we ook wat rustiger.
As it briedseizoen ôfrûn is geane de einen it trajekt fan ferfearjen yn en sykje se inoar op. Jerken en einen binne by it ferfearjen amper fan inoar te ûnderskieden. Oan de giele snaffel is te sjen dat it in jerke is.
Jinke Kuperus melde earder dat by har wol 60 einepiken grut wurde binne.
“Ha noch 30 yn de stjelpen (wyt stippele en brune ). Ek noch noch 12 loslitten mar der binne seker 2 ophelle troch de mûzebiter (buizerd)”, seit Jinke.
Fûgelwacht Grou hat fan ’t maaitiid 8 kuorren útsetten; 6 kuorren wienen beset, yn ien koer leinen 2 gelde aaien. It tal útbrette aaien is net bekend, om’t der net kontroleard is fanwege de mooglike fersteuring fan de briedende einen. De measte kuorren stienen op strampels yn it wetter.
Fan de 3 kuorren yn it Wilhelminapark (Kuorreprojekt 2021) wie de koer op in strampel yn it wetter beset, de beide kuorren yn de beammen bleaunen leech.