Briedseizoen einen hast foarby

Grou/Aldeboarn, 30 juny 2025.

“It is hjoed in moaie dei om de kuorren binnen te heljen. Alles is goed drûch.” skriuwt Cor Snoeij op de lêste dei fan juny. Ferline jier hie Cor twa kuorren der’t it bêste neffens him wol ôf wie. “Ik hie se noch wat oplape en – o wûnderbaarlik – binne út dizze beide kuorren de piken grut wurden.” Dus is Cor syn advys: “Net te gau ôfskriuwe!” En dan hat Cor noch in tip, dy’t hy fan Sietse de Boer hat. “Us foarsitter docht der altyd in jutesek omhinne en dan kinne se noch wol in rûntsje mei.” Sietse hat der wol goeie resultaten mei, dus wol Cor it ek besykje. “Mar earst noch mar efkes in bytsje opknappe.” En dat opknappen hat foar Cor noch in reden: “No’t de kuorren sa djoer wurde, moatte we se duorsumer meitsje. Lokkich meitsje ik se sels…”

Yn Grou binne de kuorren fan e fûgelwacht ferline wike yn helle. Alteast, dat wie de bedoeling. Doe’t de mannen by de Pikmar kamen en it wetter yn soenen, murken hja dat in eintsje wol tige warber wie mei it oppoetsen op de strampelstok. It like derop dat se har opmakke om wer yn de koer te gean. En ja hear, it duorre mar efkes en dêr fleach se yn de hals fan de koer om dêr it fearrepak noch wat fierder op te poetsen. Dat de mannen namen it beslút om dy koer dan earst mar stean te litten. It wie de koer dy’t earder al ris fan de strampel rôle wie troch it gewicht fan de 11 aaien. No dus in twadde lêch.

Doe’t ien fan de mannen nei de koer gie, fleach it eintsje út de koer; dy siet noch te brieden op sân aaien. Dan de middelste koer mar oppakke. Dêr hie neat yn sitten. Selde formaat wetterlånkoer as de oare twa, mar blykber net oantreklik genôch…

Fan de acht kuorren dy’t útsetten wiene, ha twa net bewenne west. Ien koer hie fjouwer gelde aaien en fan in oare koer wie de achterkant der útfretten. Wierskynlik troch rotten, ôfgeand op de stront yn en op de koer.

Foar de einen yn de Pikmar is it briedseizoen dus noch net foarby. Dy kuorren bliuwe dus noch efkes stean oant de piken út binne. Trouwnes, ek út oare plakken fan de provinsje komme berjochten dat der noch einen sitte te brieden. Dit binne de echte folhâlders.