Akkrum/Mûnein/Grou, 29 juny 2021
De ôfrûne tiid kamen der inkele berjochten by de redaksje binnen oer besetting en briedsúkses.
Yn maaie skreau Riepke Glas: By my hawwe der 4 einen bret, wêrfan der ûnderwilens 3 ûtkaam binne. 1 ein sit noch te brieden yn de koer. Fan dy trije haw ik ien ein sjoen mei seis piken.
Ein juny kaam Hyltsje Hilverda út Akkrum mei in moai berjocht: Ik ha by myn pleats 3 einekuorren op strampels yn ‘e feart stean. De besetting wie 200%, of better: 2x 100%. Trije einen ha betiid bret, mar dat pakte ferkeard út: de pykjes gienen dea fan ‘e kjeld. Doe binne se alle 3 opnij begûn mei brieden en no hâlde se harren hjir op mei in keppeltsje goed groeiende piken.
Dit lêste is wol nijsgjirrich om’t bliken docht dat guon einen oan de twadde lêch begjinne as der fan de earste lêch neat op ‘e hispel komt, sels as se al aaien útbret ha. De kuorren dus mar net te gau ynhelje as der in ein yn bret hat.
Yn Grou hat in ein yn juny noch 9 aaien lein op in folkstún. Oft de aktiviteiten fan de túnkers it eintsje steurd ha of dat in predator de saak ferbolle hat, is net dúdlik. Feit is dat it nêst ferlitten is en dat de aaien dêrnei yn in wike tiid ien foar ien ophelle binne troch in bist of in fûgel, al leit dat lêste net foar de hân om’t de aaien goed ferskûle yn de planten leinen. Der is gjin dop fûn yn de omjouwing, en by fûgels is dat meastentiids wol it gefal. It soe dus bêst it wurk fan in rôt wêze kinne, mar der binne ek wolris wezelings sinjalearre.
Flakby it nêst wienen twa einekuorren, mar dêr woenen de einen blykber net yn briede…
Wy binne benijd oft der oare meldings binne oer besetting en briedsúkses.