Grou, 23 maaie 2016.
Op de demonstraasjedei yn Grou hearde Bouwe de Groot fan omstanners ferhalen oer allerhande fûgels dy’t briede yn einekuorren. Hy skriuwt nei oanlieding fan wat er hearde it folgjende:
“Ik hearde ferskate ferhalen oer it útbrieden fan aaien yn in koer. Miskien nysgjirrich om dit ris te ynventarisearjen fia de leden fan De Strampel. Wy kamen al op in tsiental ferskillende fûgels. Neist de wylde ein ek oare einesoarten en fierder hast alle fûgels. Net allinne fûgels sjogge wat yn in koer, soms sitte der ek jonge marters of jonge katten yn! Miskien in leuke oproep fia de site om sokke bjusterbaarlikheden even te melden?”
Bouwe hat gelyk. It is in leuke oprop en dêrom, minsken, jou even troch hokfoar fûgels der yn jim kuorren briede, of hokfoar bisten der in widze fan meitsje. (webbehear: ceesvandermeulen@hetnet.nl 06-19225075) Foto?