Brune rôt?

Grou, 25 maart 2019

De kastanjes dy’t by de famylje Van der Zwaag yn de einekoer leinen binne dêr wierskynlik troch in brune rôt hinnebrocht. De foto fan de kastanjes en de keutel foar yn de koer binne foarlein oan deskundige op dit mêd Harrie Bosma. Hy komt ta de konklúzje dat de keutel fan in brune rôt is. Bosma seit dat it oanfretten fan de kastanjes ek troch mûzen dien wêze kin. Mar dan soenen dy mûzen swimmende by de koer kommen wêze mei in kastanje yn de bek. Dat leit net foar de hân…