Bysûndere einekuorkes

Grou, 5 juny 2022

Einekuorren, boarne fan ynspiraasje foar alle flechters, skriuwt Cees van der Meulen.

Wól hast altyd itselde en dochs gjin twa kuorren gelyk. Grut en lyts, we kenne dat wol. En altyd fan reid. Of reid en flaaks. Soms sa dat der noch wol in blomstikje yn past ek. (Els de Groot)

Mar nettsjinsteande de izeren wetten fan de tradysje giet de minsklike fantasij en kreativiteit altyd wer nije paden op. Moai is dat!
Sa seach ik koartlyn by Anneke in wol hiel bysûnder kuorke.

Net makke fan reid en flaaks. Nee, Anneke weeft en flechtet prachtige keunstwurkjes Hjirneist har kreaasje fan hiel fyn kopertried en hjir en dêr in triedsje jern!

Komysk, sa’n grutte ‘echte’ koer mei op de foargrûn it koperen kuorke (12×6 sm.) fan Anneke!

Ta beslút it lytste kuorke! Makke fan tin. (foto tinnen kuorke 6.5 x 3.5 sm)