Grou, 11 augustus 2020
Fan Yge Walsweer kaan dit ynteressante stikje oer it eineprojekt fan Dronryp.
It wylde eineprojekt by Bauke Rosier en Jaap Tjaarda is wer in súkses wurden, foar it tredde jier noch wol.
Mei in winter sûnder snie en iis koene we diskear net fan it iis gebrûk meitsje, dit wie jammer. Op 26 februaris mei in hurde wyn binne we dochs útein setten: mei de kuorren op it flot en farre mar. Dit foel lykwols goed tsjin. De skipper koe net de goeie koers hâlde fanwege de hurde wyn, we bedarren hieltyd wer op leger wal. Wy seine: dit wol net…, we moatte op stiller waar wachtsje.
Op 28 febrewaris wie it yndied gâns better en ha we 24 kuorren útset, hjirnjonken binne er noch 2 appartemintenkompleksen dy’t altiten stean bliuwe (permaninte fergunning!).
Op 6 maart, by de earste kontrole die bliken dat er al 5 kuorren mei aaien wiene. En op 18 maart wiene er al 19 kourren beset.
Op 8 april tidens de 3e kontrôle seagen we al jonge einepiken swimmen, der wiene doe 22 kuorren beset. Ien nêst wie beset troch in nylgoes, en we fûnen noch in nestke fan it boumantsje (witte kwikstaart).
Op 28 april sieten der al einen foar de twadde kear te brieden, de earste piken wiene se al kwyt. We hoopje op wat waarmer waar, want it is sa skraal.
Op 25 maeie hiene we wer kontrôle en wiene er 22 kuorren beset; op dit telmomint sieten er noch 10 einen te brieden op de twadde lêch. Hjirnjonken hiene er noch twa bercheinen in plakje fûn yn de kuorren. Fan de twadde lêch binne lykwols wol in soad piken útkaam en grutbrocht.
Yn it appartemint siet ek noch ien nylgoas te brieden en yn selskip fan in nestke kwiksturten. Yn it oare appartemint sieten 2 kokmokken en in nestke mei 6 jonge kwiksturten, no mar ôfwachtsje hoe’t it komt mei de pykjes.
De mannen Bauke Rosier, Jaap Tjaarda, Tamme Veldstra, Sander Hempenius en Johannes van der Meer wurde tige betanke foar de meiwurking foar it wolslagjen fan dit bysûndere eineproject.
Dronryp; 27 July 2020
Mei Groetnis,
Tamme Veldstra, Johannes van der Meer, Sander Hempenius.