Grou, 10 septimber 2024.
Einekoerflechters drage by yn in feiliger briedgelegenheid fan de ein. Mar as de aaien útkomme, binne de piken oerlevere oan de wetten fan de natuer. Men hoecht net iens in fanatyk natuerminsk te wêzen om te konstatearjen dat in soad piken it net helje.
Hoewol’t de wylde ein noch altiten tige algemien is, giet de soart de lêste desennia yn Nederlân sterk yn oantal achterútgiet. Sûnt 1990 is de briedpopulaasje mei sa’n kwart krompen, mei in sterke ôfname yn de lêste fyftjin jier.. Om’t de fermoedens wiene dat der net genôch piken grut wurde om de populaasje op peil te hâlden, is yn it Jier fan de Wylde Ein (2020) mei help fan in soad tellers hjir ûndersyk nei dien. De resultaten binne publisearre yn it populêrwittenskiplike tiidskrift Limosa. Hjirby in gearfetting fan de útkomsten fan dat ûndersyk.
‘Kuikenteller-app’
Lanlik is der ûndersyk dien en is gebrûk makke fan de ‘kuikenteller-app’. Mei dy app wie it mooglik om teamen einepiken te folgjen en by te hâlden hoe’t it de piken fergiet. Fan 2016 oant 2020 (it Jier fan de ein) binne der hast 25.000 waarnimmings sammele troch goed 1.400 frijwilligers, ferspraat oer it hiele lân*). Oan de ein fan it Jier fan de Wylde Ein wienen dat der genôch om in goed byld te krijen fan de kâns op it grut wurden fan de piken.
Piken ha in bytsje kâns
Mei help fan de gegevens út de ‘kuikenteller’ waard berekkene dat piken fan de wylde ein 13 oant 24 persint kâns ha op fleanfluch te wurden (mei jierlikse ferskillen). It is lykwols net ûngewoan dat de measte piken fan in team net oerlibje. Yn fergelyk mei ûndersiken yn it bûtelân docht bliken dat de kâns op oerlibjen fan de Nederlânske populaasje fan de wylde ein wol tige leech is. Dy fan bûtelânske wylde einen is meastal 35 oant 50 persint.
De hamfraach is oft dizze lege oerlibbing fan de piken in rol spilet by de ôfname fan de wylde ein. Yn it Jier fan de Wylde Ein is ek de kennis oer de algehiele oerlibbing en it nêstsúkses aktualisearre. Tegearre mei it oerlibjen fan de piken is der no in kompleter en aktueel byld fan de demografyske prosessen by de wylde ein yn Nederlân. Al dizze ynformaasje is byinoar brocht yn in saneamd populaasjemodel, dat ynsjoch jout yn hokker maatregels der nommen wurde kinne om de wylde ein it bêste te beskermjen. De slotkonklúzje wie dat de ôfname fan de populaasje foar it grutste part ferklearre wurde kin troch it lytse oantal piken dat grut wurdt.
Achterlizzende oarsaken
In analyse levere soms ferrassende ynsichten op oer de faktoaren dy’t fan ynfloed wêze kinne op de oerlibbing fan de piken fan de wylde ein. Piken dy’t op it lân sjoen waarden, hienen bygelyks in gruttere kâns op oerlibjen as piken op it wetter. Ek docht bliken dat piken it yn helder wetter minder goed dogge as yn troebel wetter. De ûndersikers stelle dat dit komme kin trochdat rôffisken lykas de snoek, dy’t op sicht jaget, minder yn troebel wetter foarkomme as yn helder wetter.
Fierders soargje wâlen mei in hege begroeiïng foar in gruttere kâns op oerlibbing as wâlen mei in lege of hielendal gjin begroeiïng (lykas allinne beskoaiïng). Dit suggerearret dat piken profitearje fan de dekking en mooglik grutter oanbod fan fretten. Dêrnjonken liket it derop dat piken yn sawol yn agrarysk gebiet, en spesifyk yn de wetterrike leechfeanpolders, as yn ticht beboud stêdlik gebiet minder goed kâns sjogge te oerlibjen. Saken as in beheind oanbod fan ynsekten en oare akwatyske wetterbisten of in hege predaasjedruk kinne hjirby in rol spylje.
De rol fan rôfbisten
It grutste part fan de pikestjerte spilet him ôf bûten ús gesichtsfjild. Dat betsjut dat sûnder in lange tiid fan deistige waarnimmings of it gebrûk fan stjoerders, in soad piken ferdwine sûnder dat de oarsaak bekend is. Dêr komt by dat de oarsaken fan pikestjerte in yngewikkelde gearwurking is tusken omjouwing, de kondysje en waarsomstannichheden, it gedrach fan de pyk, it gedrach fan de mem, en de oanwêzigens fan rôfbisten. Yn oare stúdzjes wurdt melden dat predaasje ien fan de wichtichste oarsaken is.
Dat piken it slachtoffer wurde fan predaasje kin lykwols feroarsake wurde troch in minne kondysje, troch gebrek oan fretten of kjeld, of troch bygelyks minne dekking troch (grutskalige) meanaktiviteiten, wêrtroch’t de werklike – mar indirekte – oarsaak fan de stjerte minder goed sichtber is. Einepiken steane op it menu fan in grut skala oan predatoaren. In tal dêrfan is yn de ôfrûne desennia tanommen, lykas mûzebiter en lytse sjouwerman (kleine mantelmeeuw). Hiele dúdlike en sterke direkte effekten fan rôfbisten op it grut wurden fan de piken fan wylde einen waarden yn de stúdzje dan ek net fûn.
Ferfolgûndersyk needsaaklik
Der wurde dus te min piken grut, dan is dêrnei de fraach oft dit de lêste desennia yndied it gefal is. Ferfolchûndersyk moat útwize wat de oarsaak is dat piken it net rêde. Hokker rol spylje saken as wetterkwaliteit, waarsomstannichheden, de beskikberheid fan fretten? Ek in neiere analyse fan de predaasjedruk is needsaaklik.
Wat kinne we dwaan foar de wylde ein?
Wylde einen ha baat by maatregels dy’t de oerlibbingskâns fan piken ferheget. Fral it ferbetterjen fan it opgroeigebiet foar de piken kin soargje foar in hegere oerlibbingskâns. It groeie litten fan hege wâlfegetaasje lâns wetterkanten, lykas lisdodde, reid en soksoarte fan beplanting, jout de piken dekking tsjin rôfbisten en is boppedat goed foar ynsekten en oare bistjes dy’t troch piken iten wurde.
We kinne by gemeenten, wetterskip en oare gehearders fan wetterkanten oantrune op in behear dat foar einepiken geskikt is. Keale wâlen meisje einepiken nammentlik tige kwetsber en by beskoaide wâlen kinne piken net út it wetter komme, wêrtroch’t ûnderkuolling en ferdrinking op ‘e loer lizze.
Einekuorren kinne it bêste útsetten wurde op plakken mei in geskikt biotoop foar einepiken..
*) Ek leden fan De Strampel ha meidien oan it ûndersyk.
Bron: Nature Today
Bonne Bruinsma