De earste ferkenning

Wurdum, 10 febrewaris 2022.

Yn Wurdum ha de einen de maitiid al yn ’e kop. Jinke Kuperus stjoerde in foto dy’t Ewout Schröder makke hat fan in eintsje op ’e koer en de jerke dy’t tafersjoch hâldt. Fierderop in pear guozzen dy’t belangstelling toane.

In teken dat de maitiid op kommendewei is. De kommende wiken sille de meldings fan earste eine-aaien wol komme.