Grou, 11 novimber 2017
Op de dei fan Sint Martinus biskop liket it yn it Nijdjip wol maitiid. Knikkend en sierlik swimmend makket in jerkje syn eintsje it hôf …. en ja hear …. it eintsje giet plat op it wetter en it jerkje folget syn natuerlike drang. Jerkjes en eintsjes yn de buert reagearje der net op. De natuer op syn moaist.