De kuorren kinne wer út

Grou, 21 febrewaris 2025.

Ein febrewaris is de tiid om de einekuorren wer út te setten. Ek yn Wergea en Grou is dit it gefal.

Wrâldkampioen einekoerflechtsjen Lolke van der Meer út Wergea profitearre fan it lytse laachje iis dat by him achterhûs yn de fiver lei.

Nei in per nachten froast stie hy al te popeljen om it iis op te gean om de koer op de strampel te setten. Mar it iis wie eins te tin om in persoan te hâlden en Lolke hie gjin nocht om oant de … ta trochwiet te wurden. Hy besleat om in dei te wachtsjen yn de hope dat der noch wat froast komme soe. Nachts op bêd betocht hy in plan in plan foar it gefal dat it iis net goed hâlde soe: mei in ljedder op it iis en dêrop in pear planken koe de druk op it iis wat ferdield wurde, wie syn redenaasje. Dat Lolke moarns betiid fan bêd, de ljedder fan de garaazje, in pear planken fan de skutting en doe foarsichtich nei it midden fan de fiver skeuvelje om de koer te pleatsen.

Om’t de aksje net sûnder gefaar wie, hie Lolke in tou om de mul. En yn gefal fan tewetter reitsjen soe syn frou, dy’t it útein fan dy rêdingsline yn hannen hie, him dan wer op ‘e wâl lûke. Foar safier’t we witte is Lolke nei it aventoer wer drûch op de kant kommen.

No stiet de koer moai te pronkjen yn de fiver. It kin net oars of hjir moat in wol in spantsje einen op ôf komme.

Yn Grou binne se wend om op Sint Pitersdei of dêromhinne de kuorren fan de fûgelwacht te pleatsen: in pear yn de Pikmar en de oaren op ferskate plakken yn it doarp. Dêr moasten de waadpakken oan te pas komme. Meastentiids is dit in kâld putsje, mar troch it maitiidswaar mei in temperatuer fan sa’n 17 graden wie it dit jier bêst te dwaan.

En no steane de kuorren wer te wachtsjen op de doarpseinen, dy’t soms al nijsgjirrich efkes kamen te sjen.

Strampellid en âld-skriuwer Cees van der Meulen wie moarns al aktyf mei it útsetten fan de kuorren. Oare jierren hongen syn kuorren tsjinoer syn hûs oan de oare kant fan it Nij Djip, mar in spjocht hie de konstruksje sa tatakele, dat it net mear fertroud wie om de kuorren dêr op te hingjen. No hingje se in eintsje fierder heech yn de beam. Trije kuorren byinoar, dat de einen kinne mar útsykje. Ien eintsje wie al nijsgjirrich en besocht op de koer te kommen wylst de mannen noch dwaande wienen me it ophingjen. It spantsje hold dêrnei de saak wol goed yn ‘e gaten.