De Strampel aktyf yn Boeremuseum

Grou, 20 desimber 2019

Fan 26 desimber oant en mei Aldjiersdei sitte Cees van der Meulen, Lolke van der Meer en Gjalt de Groot te koerflechtsjen yn it Boeremuseum fan Titus de Wolff by Raerd.

It Boeremuseum is in unyk museumke. Titus is net allinne de rûnlieder, mar hy wennet ek al 72 jier yn syn eigen museum. De wenkeuken mei de tafel en de stuollen, de pomp boppe it oanrjocht, in oargeltsje en de tafel mei it plusen kleed, de moaie keamer grôtfol skilderijen en … syn samling âld boere-ark en 15 glimmende Mc Cormick trekkers. Lyts dat boeremuseum en apart.

Wy as flechters fiele ús alhiel op ús gemak yn de skuorre fan Sate De Flaeren, want dy namme draacht de pleats.

Wannear: 26 desimber oant en mei 31 desimber
Tiid: tusken 13.00 en 16.30 oere
Wêr: Titus de Wolff, Sate De Flaeren, Flânsum 5, Raerd