Hallum, sneon, 18 juny 2016.
Yn 1601 is yn Hallum de einekoai ‘By de hel’ oanlein. De koai dy’t no yn eigendom is by H. Tjeerdsma, is alhiel renovearre en leit der prachtich by. Om de renovaasje te fieren is der sneon 18 juny in IEPEN DEI holden, dêr’t sa’n 600 minsken op ôfkamen.
De koaiker nò is Piet Inia fan Mûnein dy’t ek lid is fan De Strampel.
Twa flechters fan De Strampel, Hindrik Kooistra en Riepke Glas, hawwe doe mei sukses in demonstraasje koerflechtsjen jûn. Tjeerdsma skriuwt yn syn ferslach oer de flechters it folgjende:
“De eenden korfvlechters hadden qua handel een goede dag, de meegenomen voorraad werd vlot verkocht, en zelfs korven waarmee ze aan het vlechten waren werden onafgemaakt verkocht”