De Strampel en it Gea foar de einen yn it spier

Beetstersweach/Grou, 1 oktober 2024.

Op 11 septimber 2022 hawwe we, op útnûging fan It Fryske Gea, in einekoer flochten op de Iepen Dei fan de einekoai yn Piaam. Hjir kamen in soad minsken en wie der folop oandacht foar it âlde ambacht. Mei Andries Blom en Foeke Cnossen krigen we in petear oer it flechtsjen en we hawwe harren útnûge om by de Skiepskoai fan Bakkefean mei ús in koer te flechtsjen. Sy hawwe dit flechtsjen trochsetten.

We wiene nijsgjirrich hoe’t it mei it flechtsjen fierder gien is en dêrom makken we op 1 augustus 2024 in ôfspraak.

It wie in prachtige simmerdei, doe’t wy te gast wiene by Andries Blom en Foeke Cnossen, beide frijwilliger by it Fyske Gea, dy’t mei harren ploechje mannen de einekoai by Piaam yn goede steat hâlde. Nei de gesellige kofjedrinkerij mei de hiele frijwilligersploech, makken we in kuierke troch de koai. Wat in rêst en frede giet derút fan sa’n paradyske midden yn it frije fjild! It Gea hat it tafersjoch oer noch in tal koaien.

De Strampel, de Fryske Feriening fan einekoerflechters, oprjochte yn 2012, set ‘m yn foar it behâld fan de tradysje fan it flechtsjen fan einekuorren, it oplieden fan einekoerflechters en it fersterkjen fan de posysje fan de wylde ein, dy’t danich ûnder druk stiet.

It Fryske Gea mei syn frijwilligers sette har alle wiken yn om de kultuer fan de einekoaien libben te hâlden. Sa fersterkje sij op harren wize ek de posysje fan dy wylde ein. En mei sukses! Yn Piaam hiene se dit jier 22 einekuorren útsetten en yn alle kuorren waard bret, yn 5 nochris foar de twadde kear sels. Resultaat, al gau 200 einepiken! Dat klinkt ús as flechters fan De Strampel fansels as muzyk yn de earen.

Wat wie no it doel fan ús besite? Wy wolle graach as leden fan De Strampel dat safolle mooglik frijwilligers fan de einekoaien harren de keunst fan it flechtsjen eigenmeitsje. Wy beskikke oer learmasters-mei-ûnderfing dy’t graach ynteressearre natuerminsken yn in dei de âlde keunst fan it einekoerflechtsjen bybringe. 

De direkteur fan it Gea stiet posityf foar dit stribjen oer. Wy hoopje dat de frijwillgers fan de Gea-koaien posityf op ús foarstel reagearje. Wy komme graach in kear del om de mooglikheden te bepraten. 

Cees van der Meulen, Grou

Jan Falkena, Ureterp, telefoan 0512-302172.