Noardburgum, 1 maart 2013
It Bestjoer fan ‘De Strampel’ pleatste yn gearwurking mei Fûgelwacht Noardburgum yn de fivers by Nieuw Toutenburg fjouwer einekuorren. Johannes van der Veen en Kees Postma fan de Fûgelwacht hiene har yn wettertichte pakken stutsen om de strampels yn de fivers te setten.
Kuorren wiene der fan Gjalt de Groot, Jan Falkena, Rypke Glas en Lolke van der Meer. In moai foarbyld fan gearwurking tusken de Strampel en Fûgelwacht Noardburgum, dy’t de soarch foar it materiaal op him nimt.
Foar de bewenners fan Nieuw Toutenburg in stikje âlde gloarje, dat se fêst wurdearje sille!