Dokkum/Âldeboarn, 19 oktober 2024.
“Goeie, efkes in lyts ferslachje fan saterdei 12 oktober”, begjint Hendrik Kooistra yn syn mail nei wer in demonstraasje fan him en syn broer Bouwe.
Diskear wienen de bruorren Kooistra by de hortus fan Fryslân De kruidhof te Bûtenpost. Sa as de lêste jierren wenst is, sieten de Kooistra’s op de Rispdei, de lêste dei dat De Kruidhof iepen is foar publyk.
“It wie dizze dei fris”, ûnderfûnen de mannen, “mar midden yn de tún hienen we der gjin lêst fan”. Se seagen dat der in protte minsken op dizze dei ôfkamen. Dy troffen dêr in protte standhâlders, der wienen eksposysjes, dochdingen foar de jeugd, in show fan rôffûgels, ferkeap fan in protte spul ensfh. En wat foar flechters (en De Strampel) wichtich is: in protte praters en goede ferkeap. “Al mei al in prachtdei”, neffens de bruorren Kooistra.
Hjirûnder in pear plaatsjes fan de dei. (As je op de plaatsjes klikke, ferskynt der in gruttere ôfbylding.)
Fan boer nei minsken merk
In wike letter, op sneon 19 oktober, siet Cor Snoeij yn Âldehaske op de merk ‘Fan boer nei minsken’ te flechtsjen. Ek dêr wie in soad belangstelling foar it flechtsjen fan einekuorren. “Fral fan froulju”, seit Cor op facebook. Dêr kaam ek in fersyk om dit winterskoft in kursus te jaan. “Goed plan”, neffens Cor.