Dit foarjier op ‘e nij telling fan einepiken

De briedpopulaasje fan de wylde ein nimt noch alle jierrren ôf, wylst de eksplosive taname fan de East-ein (krakeend) gewoan trochgiet. Ûnderwilens is dúdlik dat it lege tal piken dat oerlibbet dêrby in grutte rol spilet. Dat docht bliken út de tûzenen waarnimmings dy’t sûnt 2016 trochjûn binne yn it ‘Eendenkuikenproject’ fan Sovon.

Dit projekt is opsetten nei alarmearjende lûden oer it ôfnimmen fan de Wylde Ein en hat as doel lanlik ynsjoch te krijen yn it oerlibjen fan de piken, dy’t yn koarte tiid nei it útkommen it nêst ferlitte. Nei it jier fan de Wylde Ein yn 2020, doe’t mear as tûzen waarnimmers piken teld ha, is de oandacht foar it einepikeprojekt wat fuortsakke. Dochs bliuwt it wichtich om einepiken te melden, neffens Sovon. Want sa krije we sicht op de ferskillen tusken de jierren en kin fêststeld wurde oft der ferbettering optreedt. Dit jier wurdt it projekt útwreide mei mear soarten wetterfûgels.

Waarnimmings kinne krekt as de ôfrûne jierren ynfierd wurde yn de ‘KuikenTeller app’, dy’t delhelle wurde kin fia kuikenteller.org.

Mear ynformaasje is hjir te finen.