Grou, 23 febrewaris 2017
Alle jierren skinkt De Strampel trije kuorren oan in ynstelling. Dit jier wie dat ‘de gezelligste kinderboerderij van Friesland’ yn Stiens.
Op tongersdei 23 febrewaris wie it safier. Bedriuwslieder Jeroen Wijnand, rûnom bekend ûnder syn artistenamme Baba en syn assistint Roel namen de trije kuorren, skonken troch Lolke van der Meer, Jan Falkena en Cees van der Meulen, yn ûntfangst. Lolke hie it waadpak oanlutsen en sette se saakkundich fêst op de strampels.
Doniastate, Truerderdyk 14, 9051LC Stiens.