Oerterp, 28 febrewaris 2022
Jan Falkena tyn Oerterp meldt syn earste aai yn ‘e koer. Dit is seis dagen letter as ferline jier, doe’t Jan op 22 febr. fjouwer aaien meldde.
Neffens Jan is it deselde ein dy’t koartlyn op it fûgelhúske siet op syk nei syn koer. Dy hat se dus fûn op it nije plak.
Mei it maitiidswaar fan no sille der grif op mear plakken einen oan ‘e lêch reitsje. Meldingen binne wolkom; wy kinne sa in moai byld krije fan it lizzen fan de einen.
Der sil net fan elke melding in nijsberjocht makke wurde; de meldings sammelje wy en wurde dan yn ien of twa berjochten melden.