Earste en lêste koer

Grou, 23 septimber 2020

In einekoer flechtsje is in ambacht, it is de keunst fan it flechtsjen mei reid en flaaks. Út dy twa ûnstiet in nije skepping, in ding dat der earder net wie. As je dat sa beskôgje, dat flechtsjen fan in einekoer, dan is it hiel bysûnder.

Boppesteande gedachten kamen by my op doe’t ik myn earste koer fan septimber 2020 flocht. It is in symboal, it is emoasje. En ik sil jim koart fertelle wat ik dêrmei bedoel.

Mei Popke van der Zee fan Mantgum, âld-Strampellid, ferstoarn op 8 augustus fan dit jier op 64-jierrige leeftiid nei in earnstige sykte, snie ik op 13 juny reid yn Grou. Hy wol noch al wat einekuorren meitsje, ek mei it flaaks dat der moai foarstiet op syn tún yn Mantgum, sa skriuwt er my.

Popke op de beurs yn Poppenwier. 25 febr. 2017

Popke hie in passy foar it toaniel. Mar boppe-al wie er natuermins, fiskje, jeie, aaisykje, yn it frije fjild wêze, túnkje op syn folkstún … en einekuorren flechtsje. Dy lêste koer, … dat soe foar him in emosjoneel ôfskie wurde fan de ferbûnens fan syn libben mei de natuer. It is der net mear fan kommen.

Nei syn ferstjerren haw ik it flaaks fan syn folkstún yn Mantgum helle en it reid dat we tegearre snien hawwe, ophelle. No is syn lêste koer flochten, de sirkel is sletten. 

de earste en de lêste koer, flochten op 17 septimber 2020

Myn earste koer is in hommaazje oan Popke, in freon mei in grut hert foar de natuer.

Cees van der Meulen

Popke van der Zee, 1956 Ryptsjerk – 2020 Mantgum