Ie/Grou, 1 maaie 2025

By Enny Alting yn Ie siet ferline jier in ein op de hage te brieden. Dat moat oars, fûn Enny. Dat Enny mei har sweager op kursus by de bruorren Kooistra yn Dokkum. Grutsk sette se mei in selsmakke einekoer nei hûs. De einekoer krige plakje op in moaie strampel yn de sleat by hûs. No soe it eintsje wol kieze foar in smûk plakje yn de koer ynstee fan boppe op de hage fan de klimop. Mar dêr tochten menear en mefrou ein oars oer, ûnderfûn Enny. “Wol gauris by de koer sjen, mar nee hear: de ein naam krekt as ferline jier de hage foar kar boppe in ûnderkommen yn de koer, op 10 meter fan de sleat. Op 11 aaien”. Ofrûne wike seach Enny 9 einepykjes efter de mem oan wacheljen op wei nei de sleat.
