‘De Doarpsein’ fiert 75-jierrich jubileum

Ryptsjerk, 22 febrewaris 2013.

De seal fan doarpshûs ‘De Einekoer’ sit om acht oere grôtfol as de foarsitter de jierlikse ledegearkomste iepenet. Jan Falkena en de skriuwer fan dit stikje as ôffurdigen fan ‘De Strampel’ sjogge har de eagen út, dat ‘De Doarpsein’ sa’n soad minsken nei  ‘De Einekoer’ bringt! Mar it is dan ek in hiel bysûndere gearkomste. De feriening bestiet nammentlik 75 jier. Kofje mei gebak mei logo fan de feriening, humoristyske ferslachjouwing fan de skriuwer, de ponghâlder en de finansjele kommisje, dy’t yn de no rinnende gearkomste ‘even’ de kas en de stikken kontrolearret. It kin net op! We hawwe in kostlike jûn.

Ien fan de bysûnderheden fan dizze feriening is dat elke ynwenner lid is, want om de hichte fan de kontribúsje hoecht it net oer te gean. Wie dy yn 1938 in kwartsje, it is yn de rin fan de tiid  net feroare. No is de jierkontribúsje 15 eurosinten, dy’t troch in doarpeling elk jier by elk lid persoanlik ophelle wurdt.

Ek it saneamde priissprekken is in ûnderdiel fan elke ledegearkomste. In oantal frijwillige sprekkers hâldt foar de fûst wei in taspraak fan 3 minuten oer in ûnderwerp dat him flak dêrfoar meidield is. De sprekker dy’t dit jier wint, hâldt in humoristyske taspraak oer in ‘peking-ein’ wêrby’t de woksinees en de doarpseinen fan Ryptsjerk yn de haadrollen sitte.

It hichtepunt fan de jûn is it oanbieden fan in tinkboek oer 75 jier ‘Doarpsein’ mei allerhande annekdoates. Alles draaide dy 75 jier fansels om de einen, de aaien en de piken. Jan langet út namme fan ús feriening in prachtige koer oer, dy’t in spesjaal plakje krijt, op in strampel yn de Ryptsjerkster feart! (CvdM)