Einekuorren krije nammen

Wurdum, freed 27 novimber 2015.

Foar it earst yn de jonge skiednis fan De Strampel krije einekuorren nammen! Sa besleaten de leden op harren jiergearkomste freedtejûn yn Wurdum. De Strampel ûnderskiedt 5 soartenammen. (Opmerking: de namme toukoer leit noch net definityf fêst)

In koer allinne fan reid is in wetterlânkoer. Yn de lege midden fan Fryslân mei syn marren en sompen wie en is foar hiel wat flechters reid it ienige materiaal dêr’t se mei flechtsje.

Op de klaai bouden de boeren yn it ferline flaaks foar linnen en oalje, hjoeddedei wurdt  wer in bytsje flaaks boud om yn kombinaasje mei reid te brûken by it flechtsjen fan kuorren. Sa’n koer fan flaaks en reid is in klaaikoer.

In bysûndere fariant fan de klaaikoer is de Trynwâldster koer. Ek dus mei reid en flaaks mar mei in opfallend slanke hals en in  lêbe, dat is in útstekkend diel by de yngong fan de koer.

Alhiel apart is de (wylge)tiennenkoer, makke fan allinne mar wylgetiennen. Dy tiennen komme út de uterwaarden fan de grutte rivieren.

Der binne ek flechters dy’t wurkje mei reid en pakjetou. Hoe’t dy koer hjitte moat leit noch net hielendal fêst. Toukoer soe hiel goed kinne.