Einekuorren yn Twadde Keamergebou

Grou, 7 febrewaris 2022

Ein 2021 hat op dizze webside in fraach fan Klaas (Talpa de witte mol) Stapensea út Emmeloord stien oer it leverjen fan 200 kuorren. Klaas hie dy fraach krigen fan Heidi Looy, wyldbehearder út Reeuwijk. Dy oprop hat fertuten dien want in tal leden binne fanatyk oan it flechtsjen gien en ha der foar soarge dat de 200 kuorren levere wurde koenen.

“Naar aanleiding van de oproep binnen de  vereniging van Klaas Talpa, heb ik 200 korven kunnen ophalen. Geweldige en een mooie vorm van samenwerking, het Noorden werkt samen met het westen”, skriuwt Heidi.

Mei it útsetten fan einekuorren wolle se yn Reeuwijk de einen helpe troch it bieden fan in feilich nêstplak en sa bydrage oan it tsjingean fan predaasje by de wylde ein.
Om dit ûnder de oandacht te bringen fan de polityk yn De Haach hat Heidi Looy in pear einekuorren oanbean oan leden fan de Twadde Keamer.

Heidi Looy mei Twadde Keamerleden Derk Boswijk(CDA) en Kees van der Staaij (SGP)

Looy: “En de reacties zijn alleen maar positief. We zijn ook op radio in Utrecht geweest, en ik wil in het blad van de NOJG een stuk over Binne (van der Velde red.) en de korven/de Strampel gaan schrijven.”

Op freed 18 febrewaris komme de einekuorren yn it televyzjeprogramma “BinnensteBuiten” fan KRO/NCRV. De útstjoering begjint jûns om 19:05 oere op NPO 2.

Hjirûnder in filmke en in foto fan it pleatsen fan in einekoer troch Derk Boswijk.

.