Grou, 27 maaie 2025.
Hjoeddeis is der noed om it tal einen dat de lêste tiid ôfnimt. Mar ek in iuw lyn wienen der guon minsken dy’t harren bekroaden om de einestân. Op 18 july 1908 stie der yn it wykblêd Frisia, dat yn Grou en omkriten ferskynde, in ynstjoerd stik. De skriuwer seach doe in ferbân tusken de ôfname en de jacht op (tamme) einen.
