Holwert, 29 jannewaris 2024
It wie op de gearkomste fan De Strampel freed 26 jannewaris 2024 yn de Trilker te Poppenwier. Bestjoer, trije man sterk, efter de tafel en in tweintich leden yn de seal. Foarsitter hannele punt nei punt yn rap tempo ôf en it wie ta oan de beneaming fan in nij lid foar de kaskommisje. Foarsitter leit de fraach foar oan de leden, mar der is nimmen dy’t him of har dêrta roppen fielt. Nochris docht de foarsitter in oprop oan de seal, mar ek no bliuwt it stil.
Maarrr…… dan mient skriuwer Bonne Bruinsma dat Siemen Heeringa dy’t rjocht foar him oer sit, mei de holle knikt. En Bonne freget; ,,Seach ik jo knikken, Heeringa?”
Siemen, dy’t by ús oan it taffeltsje sit, syn holle knikt nochris. Ik seach it sels.
,,Moai”, seit Bonne, ,,dan notearje ik as nij kaskommisjelid Siemen Heeringa.”
Applaus út de seal en Siemen skrillet wekker!!
,,Wat is der?” freget er oan my?
Ik sis: ,,Bist krekt yn de kaskommisje beneamd.”
,,Hoe kin dat?” freget er!
Ik: ,,Do knikkebollest krekt efkes doe’t Bonne om in nij kaskommisjelid frege.”
Siemen: ,,Och, ik foel efkes wei, dat hast mei dy keallerij nachts.”
Gjalt Sjirksz.