Grou, 8 april 2017.
Keunstner Maurits Cornelis Escher, Ljouwert 1898-Hilversum 1972, is beroemd wurden troch syn prachtige houtsnedes, lito’s en grafyske foarstellingen. Ien fan syn tema’s is it ferbinen fan bygelyks fisken en fûgels yn byldtaal. Fûgels wurde fisken. En oarsom. Dat set oan ta tinken. Yn de jierren sechtich wiene popstjerren en hippys wei fan Escher.
.