Âldeboarn/Grou, 25 juny 2024
Ús ponghâlder Cor Snoeij makke wer ris in rûntsje op de fyts troch de provinsje en kaam koartlyn op de Slachtedyk by Kûbaard wat tsjin dat hy dêr net ferwachtte: ferbou fan flaaks.
No wit Cor as betûft einekoerflechter wol wat fan flaaks ôf, mar hjir hie hy it net tocht, wol yn it noarden fan de provinsje yn de kontreien fan Blije. En dat der dit jier wer mear flaaks ferboud wurdt, dêr hied er ek wol fan heard. Mar hjir by Kûbaard? Nee, dat wie nij foar him.
Hjir moat ik mear fan witte, tocht Cor, en hy gie op ûndersyk út. It die bliken dat dêr ien fan de jongste, en miskien wol it jongste lid fan de Strampel wennet. Cor hie him graach even moetsje wollen, mar hy trof it net. ‘Jammer genôch wie hy der sels net, mar syn mem wol. Sy fertelde entûsiast oar de hobby fan har soan: einekuorrenflechtje. As er tiid hat, sei se derby.’
Cor wie ûnder de yndruk. Ja, suver hast út de skroeven. ‘Prachtich om te te sjen wat hy der docht. En wy mar tinke dat der allinnich mar flaaks boppe yn Fryslan groeie wol. Hjir oan de Slachtedyk wurdt njonken de ligboksestâl ek flaaks ferboud En ik kin ik jim wol sizze: it stiet der hiel moai by.’
Hoopfol konkludearret Cor: ‘De Strampel moat it fan de jeugd ha.’