Flaaks ryp! It giet los!! FREED 9 AUGUSTUS!!!

Holwert / Grou, 6 augustus 2013

Alle leden fan ‘De Strampel’ binne fan herten wolkom by it rispjen fan it flaaks. Net by Gjalt thús oan de Miedwei yn Holwert, mar op it adres hjirûnder

By droech waar: freed 9 augustus om 9.30 oere giet it los! Lokaasje: yn it doarp Ferwert, Hegebeintumerdyk 18, 9172GP  Ferwert,  by de Sporthal en folkstúntsjes.

(As it flaaks dêr der ôf is, geane we nei it lân oan de strjitwei Stiens -Holwert by Johannes Binnema, Ljouwerterdyk 2  9073 LP Marrum , itselfde lân dêr’t we al twa jier binne.)

We geane dus freed by droech waar los, mar binne fierders ek sneon en alle dagen yn de wike derop by droech waar dwaande oan de Ljouwerterstrjitwei by Marrum.

Fragen? Belje foarsitter Gjalt de Groot, dy’t dizze bysûndere aktiviteit koördinearret: 0519-561784