Holwert, 9 augustus 2016
Op in tippe lân fan 15 are (1500m2) by de moaie pleats fan Hoite Schukking oan de Harstawei 17 by Hegebeintum stiet it flaaks te rypjen. De bloei is der al hielendal út.
Gjalt de Groot soarget sa dat alle flaaksflechters aansen wer foldwaande flaaks by him besette kinne.
Wannear’t de frucht hielendal klear is om te rispjen, hinget fan it waar ôf.
As it oan it lûken ta is, komt dat as ‘nijs’ op dizze webside te stean. Wa’t der niget oan hat, kin meihelpe. Ek fia de mail komt der in oprop.