Terherne/Grou, 16 oktober 2022
In prachtige dei yn oktober en dan flechtsje yn it sintrum fan Terherne. Dat hie minder kind.
Op de earste snein fan de hjerstfakânsje ha se yn Terherne in berneboekedei mei in boeke-foksejacht foar bern organisearre. As feriening binne frege oft der immen as foks flechtsje kin op sneintemiddei tusken 13 en 17 oere. De flechter is in foks wêr’t de bern dy’t meidogge oan de foksejacht in letter freegje moatte.
Begjin oktober is der b y de organisaasje noch gjin reaksje op de fraach yn ús rubryk ‘Fraach en Antwurd’. De organisaasje begjint al wat senuweftich te wurden. Komt it wol goed, is de fraach. Mei de garânsje dat der altiten ien komt, binne se yn Terherne wer gerêst steld
Yn it midden fan Terherne is in plakje foar my ornearre, op it bankje op it pleintsje by de snackbar. Net sa’n min plak yn it sintrum fan it doarp. Om ien oere sit ik der klear foar en al rillegau komme de earste bern mei âlders.”Bent u een vos?” Ja, dat bin ik. Al fret dizze foks de einen net op, dizze makket ûnderkommens foar de einen.
De bern moatte op harren briefke de letter E noteare by nûmer 5 mei de ôfbylding fan it boek ‘Pykje Fjouwer’ fan Lida Dykstra.
Foar de letter moatte de bern efkes sykje, want dy is ferstoppe yn in einekoer op de strampel. As alle letters op it goede plak steane, soargje se mei-inoar foar in sin.
Guon âlders ha de bern thús al foarlêzen út it boek. En oars kinne de bern it boek hjir besjen.
Njonken de bern mei âlders komme der ek oare belangstellenden efkes sjen. In Dútske mefrou wol witte wat ik hjir meitsje. Tsja, dêr sitte je dan: eartiids wol Dútsk op skoalle hân, sels it boek ‘Der Maulkorb’ fan Goethe lêze moatten foar it eksamen, mar no mei de mûle fo tosken. Ik sjoch freegjend in jonge frou oan dy’t tichteby stiet. Sy begjint ek wat te stammerjen: einchjen…eenchjen…folle fierder komt sy ek net. “O wat is dit erch”, en se skammet har suver. Mei wat hannen en fuotten en de wurden ‘kwek kwek’ kin ik de frou úteinliks ferdútse wat ik oan it dwaan bin. “Aha, Entenkorb”. Tefreden mei it antwurd set hja wer ôf. Thús yn har heitelân sil se grif wol fertelle oer ‘die Entekörbe von Terherne’. Alteast dêr hoopje ik mar op. Want in bytsje reklame is noait wei.
Sa sjogge jo mar wer: in einekoerflechter moat yn alle silen mak wêze (‘van alle markten thuis zijn’). Dat ropt dan de fraach op oft we njonken de folder yn it Frysk ek in lyts struibriefke ha moatte mei in koarte útlis yn it Ingelsk, Dútsk en Frânsk. In punt om ris te bepraten, tink ik by mysels.
Mei it moaie hjerstwaar en de praatsjes mei de bern en de oare belangstellenden is de middei samar om. Troch de ôflieding mis ik wol in lofter, ûndek ik. Dat wurdt in lytse reparaasje, mar ek dat losse we op.
In protte bern witte no wat in einekoer is en wêrom’t dy makke wurde. In pear froulju freegje hoe’t se in kursus folgje kinne, en ien fan de bern seit út entûsiasme: “Dat wol ik letter ek leare”. Sjoch, dan hat sa’n sneintemiddei yn Terherne ek wat opsmiten foar de takomst!
Bonne Bruinsma