Frödinge/Grou, 19 augustus 2024.
“Ik sit hjir op de merk yn Sweden te flechtsjen”, mailt Cor Faber fanút Frödinge yn Sweden. “Soad oanrin, se wiene benijd wat ik die”.
Dat is foar ús wol dúdlik, mar foar Sweden is dat wol wat bysûnders. Dêr sjogge se net alle dagen immen mei reid knutseljen. Dochs wer in stikje promoasje fan it âlde ambacht einekoerflechtsjen. En wa wit, wurde einekuorren noch in eksportprodukt…