Flechtsjen op Jagersbeurs Elspeet

Dokkum, 21 july 2022

Op sneon 9 july ha Hendrik Kooistra en Binne van der Velde yn Elspeet (Gelderlân) west om dêr te flechtsjen op de Jagersbeurs.

Hendrik: “Ûnder prachtige waarsomstannigheden ha we dy dei sitten te kuorkjen. Alles op jachtgebiet wy d’r oanwêzich: gewearen, messen, jagersklean, kikers en in hiele protte hoarnblazers, dy’t sa út en troch stienen te blazen. Der wienen lekkere wyldhapkes en noch folle mear. En twa Friezen dy’t sieten te koerflechtsjen foar in protte folk.”

Foar Hendrik en Binne wie it in slagge dei.