Marrum, freed 16 augustus 2013
It is middeis fjouwer oere as foarsitter Gjalt de Groot elk fan de flaaksteppers de hân skoddet mei de wurden:
” It is derôf! “
De wurkers rjochtsje de rêch en sjogge mei in tefreden blik oer it fjild, dêr’t oeral de boskjes flaaks lizze. Op sommige hoekjes binne de hânfollen flaaks al by inoar bûn ta skeaven en binne fjouwer of fiif skeaven tsjin elkoar oanset yn stûken. Sinne en wyn moatte no de kommende dagen harren wurk dwaan en de rispinge droegje foar de reis nei Holwert. Dêr sil dan yn de hjerst it rûpeljen plakfine. Dêrnei is it goudgiele flaaks klear foar de flechters, dy’t dan fan reid en flaaks al wer kuorren begjinne te meitsjen foar de maitiid fan 2014.
Yn Ferwert en Marrum is in goede kwaliteit rispe. Wa’t flaaks hawwe wol, kin kontakt opnimme mei foarsitter Gjalt de Groot. (0519-561784)