Grou/Wergea/Oerterp, 6 febrewaris 2023
Jan Falkena, Lolke van der Meer en Cees van der Meulen flochten 13 kuorren foar jagers yn it Eastfryske Emden en sneon 4 febrewaris rieden we mei Jan syn royale auto grôtfol kuorren nei Wilfried Huebner, in boer ûnder de reek fan Emden, net safier oer de Dútske grins. Moarns 10 oere stie de kofje mei krinte- en sûkerbôle klear en wie der samar in sfear fan fertroulikheid tusken ús en dizze minsken dy’t har earst Fries en dan Dútser fiele.
Nei de kofje rieden we mei in delegaasje fan de Jägerschaft Emden – by ús in WBE, in Wild Beheers Eenheid – nei it fjild dêr’t de kuorren ynkoarten in plakje krije sille.
Doel wie de Ostfriesen te learen hoe’t in koer op in strampel heart te stean. We hawwe der alle fertrouwen yn dat dat klear komt.
By de taljochting hawwe we de mannen ferteld wat ús ûnderfiningen binne mei it wurkjen mei kuorren en dat de einen faaks wol in seizoen de tiid hawwe moatte om oan de nije briedgelegenheid te wennen.
Om 12 oere wie it itenstiid en bea Wilfried ús út namme fan de jagers in miel oan yn in doarpskafee.
In bysûndere belibbenis dizze kuorrereis nei Dútslân. We binne tige benijd nei de resultaten. Wilfried hâldt ús op ’e hichte!
Jan, Lolke en Cees.