Aldeboarn, 24 april 2018.
Cor Snoeij, altyd ‘yn’ foar in grapke, sjocht op ien fan syn swalktochten, dizze frjemde kombinaasje en skriuwt dêr it folgjende kommentaar by:
‘Dizze minsken tinke grif dat de kuorren net wetterticht binne. Der sit ek in goes by, mar it sil nea slagje dat dy yn ‘e koer komt. Werom net tinkt men? Koer te lyts seker of goes te grut? Ha ha, nee, de goes is fan stien.’