Holwert/Grou, 28 jannewaris 2021
In bydrage fan Gjalt de Groot, âld-foarsitter fan De Strampel.
Ik waard skille troch de foarsitter fan WBE ( Wild Beheer Eenheid) Tsjonger en Alddjip. Hy ynformearre nei einekuorren. Se woene as jagers wat dwaan oan it ôfnimmend tal wylde einen. Der is ûnder de einen as boaiembrieders in protte predaasje as gefolch fan wet- en regeljouwing.( beskerming predatoaren).
Ik ha him 30 kuorren ferkocht en ek al teplak brocht mar ik moast der noch wol efkes foar prate. Net om de priis mar om de koer. Hy begûn oer de Amerikaanske koer fan gaas en hea. Soe jierren en jierren meigean.
No wie ik juster efkes op it kantoor fan de BFVW yn Wiuwert. Inge van der Zee, meiwurkster fan it BFVW wie krekt troch in frommiske belle, siktaresse fan in WBE, oer einekuorren. As de BFVW mooglik soargje koe foar einekuorren fan gaas en hea, sis mar it Amerikaanske model. Gelokkich hat Inge praat oer Frysk-model.
Bestjoer en leden fan de Strampel, hoedzje en noedzje dit stikje Fryske folkloare, dit stikje kultureel erfguod. In jier as wat lyn hat der in artikel yn De Nederlandse Jager, it lanlik jagersblêd stien oangeande it tebek rinnend tal wylde einen en der waard pleite foar it útsetten fan einekuorren en dan wol it Amerikaanske model fan gaas en hea mei foto derby. Wy, as doedestiids Bestjoer fan De Strampel ha hjirop reagearre by de Nederlânkse Jagersferiening en skreaun dat der al iuwen âlde modellen kuorren wiene, passend by de lânstreek, flochten fan de materialen dy’t dêr yn dy streek foarhannen wiene en sa wurden binne ta in foarm fan streek-eigen folkskeunst.
Bêste bestjoersleden en leden fan de Strampel, hjir past gjin Amerikaansk model, hjir past kultuerhistoarysk besef.
Gjalt de Groot, meioprjochter en âld-foarsitter fan De Strampel.
We ûnderskiede de folgjende typen kuorren:
- toukoer: reid en tou
- Trynwâldster koer: is in klaaikoer mar hat in lange hals
- wylgetiennekoer: wylgetiennen
- wetterlânkoer: reid
- klaaikoer: reid en flaaks