Fryske einekuorren geane Europa yn

Holwert, 22 febrewaris 2015.

Yn it ramt fan it Erasmus-programma kamen 27 Europeeske studinten nei Holwert om oan it koerflechtsjen te rûken en te sjen hoe’t de wettermûne neist it Swetshok it polderwetter op de boezem útslacht. De jongelju út Roemenië, Turkije, Itaalje en noch in hantsjefol lannen sille net gau ferjitte dat koerflechtsjen hiel wat oars is as yngewikkelde teksten bestudearje.

Ek net gau sille se ferjitte hoe’t Gjalt en Els de Groot de saak perfekt taret hiene. Mei kofje, broadsjes en sop en foar elk in heale koer om ôf te flechtsjen. Oan ‘e ein fan de workshop hiene alle studintsjes it swit foar de kop, want dy koer moast ôf fansels!  En mei de bus yn!