Grou, 24 april 2025.
By De Strampel kaam in fersyk foar it leverjen fan 7 einekuorren. No is dat net fuortdaliks in feit om hjir oandacht oan te besteegjen. Wat it fersyk bysûnder makke wie dat de oanfraach út België kaam. Op dat stuit koenen we lykwols net oan de fraach foldwaan. Mar om’t ik dat wykein noch in demo jaan moast by de Iepen Dei fan Skriezelån by Murk Nijdam koe ik de man ien koer tasizze. Dat wie prima, dan kaam de rest letter wolris.

Gelokkich koe ik fan Cor Snoeij noch wat reid krije, want sels wie ik troch it reid hinne. De koer koe dus makke wurde. Mar dan it ferstjoeren… Ik hie fan oare flechters wol heard dat dy kuorren mei de pakkettsjinst ferstjoerden. Dat ik in geskikte ferpakking sykje en it spul ferstjoere. Nei in pear dagen stjoerde de keaper in e-mail mei in foto. De man wie út de skroeven en yn syn entûsiasme woe hy it leafst sa gau mooglik noch seis kuorren ha. In oprop op de webside by Fraach en Oanbod die fertuten: Binne van der Velde hie noch fiif kuorren beskikber. Binne hat de kuorren yn pûden ferpakt en nei de pakkettsjinst brocht.
No steane der seis Fryske kuorren op strampels yn België by in grutske eigner. Earder binne der alris kuorren oan minsken yn Dútslan levere, no dus België. Ja minsken, De Strampel giet ynternasjonaal! It wachtsjen is op bestellingen út oare parten fan de wrâld…
Bonne Bruinsma