Earnewâld/Grou 22 juny 2024
Dit jier wie der foar it earst in Fryslân Ferbynt Dei. It inisjatyf komt fan de provinsje Fryslân.
It doel fan de Fryslân Ferbynt dei is dat op dy dei yn Fryslân it moetsjen, it dwaan fan frijwilligerswurk en it oanlûken en behâlden fan frijwilligers sintraal stiet by stichtings en ferienigings. It moat ien dei yn it jier wurde dy’t brûst fan de aktiviteiten yn Fryslân. Koartsein, de Provinsje wol frijwilligers dy’t harren sûnder dêrfoar betelle te wurden foar harren stichting of feriening ynsette, yn it sintsje sette. Derneist kin it ek brûkt wurde om frijwilligers oan te lûken troch in leuke aktiviteit te organisearjen. De Provinsje Fryslân stipet dit mei in subsydzje fan op syn heechst €500 per aktiviteit.
It bestjoer hie yn ‘e mande mei Gjalt de Groot in aktiviteit organisearre by it Skûtsjemuseum mei in preamfeart troch De Âlde Feanen. By de start yn it museum wie ek kultuerdeputearre Sijbe Knol oanwêzich. By it iepeningswurd fan foarsitter Durk Wynia krige de deputearre it boek ‘Dy Ferrekte Grousters’ oanbean. Yn it boek stiet in protte oer it âlde ambacht einekoerflechtsjen en it ûntstean fan de feriening De Strampel.
Ûnder lieding fan ien fan de frijwilligers fan it museum koe it skûtsjemuseum besjoen wurde. De folsleine histoarje fan de skûtsjefeart is dêr te besjen en te priuwen. De muoite fan it besjen mear dan wurdich.
De twadde helte fan de middei waard mei in pream mei skipper Thomas Bijlsma fan Warten in rûnfeart makke troch de wetters fan it Nationaal Park De âlde Feanen. Ûnderweis fertelde Gjalt de Groot oer syn tiid dat hy as jonge op de pleats Luctor et Emergo wenne. By Droevendal en de Opfeart fan Cuba fertelde Gjalt in pear ferhalen út ien fan syn boeken.
It hichtepunt wie faaks wol de rikke iel oan ‘e ein fan de middei. Fakkundich de iel út de jas helpe, yntins genietsjend by it sûgjen fan de iel; it waard stil oan board. Efkes letter wienen de superlativen net fan de loft.
By ien wie wat iel achter it gebit sitten bleaun en it woe dêr net goed wei. Dat stikem waard heal oerboard hingjend it gebit linich út de mûle helle, yn it wetter fan de Rânsleat skjinspield en handich wer yn ‘e mûle dien. Sjoch, dat is no ien fan de foardielen fan op it wetter wêzen.
It waard in tige noflike en ferbinende middei foar de frijwilligers fan De Strampel. Ek mei troch de prima catering fan Gjalt en Els de Groot. It wie wer as fan âlds!