Fûgelhelling krijt einekuorren kado

Oerterp 26 febrewaris 2015.

De Feriening fan Fryske einekoerflechters De Strampel jout alle jierren oan in organisaasje dy’t him ynset foar de wylde ein in oantal kuorren kado.

Dit jier hat de Fûgelhelling trije kuorren krigen. De minsken yn Oerterp fange net allinne sike en ferwûne einen op, mar soargje ek mei leafde en grutte ynset foar oare fûgels en sûchdieren.

Yn de wintertiid flechtsje de 75 leden fan De Strampel hiel wat einekuorren om sa de stân fan dizze populêre wetterfûgel te fersterkjen en de tradysje fan it kuorkjen libben te hâlden. Fierders jouwe se flechtkursussen en demonstraasjes en organisearje jierliks op de lêste sneon fan febrewaris yn Poppenwier in beurs dêr’t elk sjen kin hoe’t in koer flochten wurdt. Ek binne der kuorren te keap.