Gjin houten aaien mear

Grou, 20 maaie 2022

Jimme kinne se faaks wol: de prachtige houten aaien dy’t hast net fan echt binne te ûnderskieden. De aaien fan Germ Brouwer fan Munnikburen. Op alle beurzen fan De Strampel en op oare demonstraasjes wienen se te sjen: ljipaaien, skriesaaien, tsjirksaaien en aaien fan oare (greide)fûgels.

Germ Brouwer hat syn lêste aaien makke. Op 8 maaie is Brouwer ferstoarn nei in koart siikbêd.

Fan dy aaien is ek noch in moaie anekdote.
As jager hie Binne van der Velde in ynspelteur oan hûs dy’t it wapen fan Binne keure moast. Doe’t de ynspekteur dêrmei klear wie, seach hy de aaien lizzen dy’t Binne fan Germ kocht hie. ”Jo wapens binne ynoarder”, sie de ynspekteur. ”Mar dat jnildt net foar dy aaien, want dy meie jo net ha”. Doe’t Binne de ynspekteur in aai joech en derby fertelde hokfoar aai it wie, seach de ynspekteur raar op; dit hie hy noch nea sjoen…

Hjirby noch inkele foto’s fan de aaien en de makker.