Grou, 24 july 2024
Gjalt de Groot ûntliende de titel fan syn nijste boek deroan: Dy ferrekte Grousters. We lêze dêryn dat in Grouster koerflechter en in Wergeaster koerflechter spul krigen om in kampke reid by Grou. Protteljend sette de Wergeaster ôf en sei lûdop tsjin himsels: Dy ferrekte Grousters…
Dy Grouster, yn it boek Bouwe neamd, hie nea tinke kind dat dy konfrontaasje dêr by Grou him nochris in haadrol opleverje soe yn ien fan de boeken fan Gjalt de Groot. Wat bekaam fan de skrik en de heisa deromhinne, lit hy no einlings wat fan him hearre. Hjir syn ferhaal.
Nij reid
Moai echt Grouster reid skard op de Birstummer mar, en drûge foar de Grouster toer oer op it eardere Halbertsmaterrein. Moai swart asfalt.
Der giet toch neat boppe dit Grouster-wetterlân-produkt. Der wurde sels boeken oer skreaun. Begryplik dat der minsken út oare doarpen mei jaloerske blikken hjirnei sjogge en tinke: ja se ha toch gelyk, dy Grousters.
Ôfrûne wiken mear as 150 moaie bosken binnen krigen. Noch efkes trochsette en de winterfoarried is binnen. September de 2e snee foar de fûgelnestjes; dan is it moai jong tin reid.
No kin straks it nije moaie giele flaaks mar komme, even rûpelje en kjimme, en moai op lingte knippe. Ek noch wol efkes in wurkje.
It hiele jier rûn drokte mei ús hobby.
Bouwe de Groot