Hitsige jerken

Grou, 27 maaie 2020

Lykas earder al skreaun is yn dizze rubryk ha wy regelmjittich in spantsje einen yn de tún. Hoewol’t in einekoer beskikber is foar it eintsje komt se net fierder as de ynspeksje fan de koer. No kin it wêze dat de koer ôfkard wurdt om’ t dy net foldocht oan har winsken, mar de yndruk bestiet dat it lizzen fan aaien net op it foarste plak komt.

It spantsje kin har tiden noflik deljaan yn de tún en is net benaud foar katten, hoanne en hinnen. Se ha it lykwols net stean op de hûn fan de buorlju as dy al te nijsgjirrich troch de hage kipet, want dan sykje se leaver in oar plak.

It kin ek sa wêze dat wy de beide einen in hiele dei net sjogge. Wêr’t se dan binne is net alhiel dúdlik, mar grif op in plak dêr’t ek oare einen binne. Want oare einen, en dan benammen jerken, witte ús tún ek te finen as it spantsje der is. Alteast as it eintsje der is.

Geregeldwei komt der in hitsige jerke op besite, soms meardere tagelyk. Opjage troch de hormoanen is gjin eintsje feilich. Op it filmke hjirûnder ien fan de jerken dy’t út is op in aventoerke.
De eintsjes ha it dêrby slim te ferduorjen. Let op de achterkant fan de kop fan it eintsje.
..

Fan ‘e wike kaam der in jerke oanfleanen en plofte boppe ús tún as in stien rjocht nei ûnderen. Foardat de oare jerke it yn ‘e gaten hie, hie de ynkringer it eintsje al te pakken. De ferbjustere echte partner kaam foar syn eintsje op en grypte yn.

Hoe’t dit ôfrûn? Sjoch it filmke hjirûnder.

Bonne Bruinsma.