Dokkum, 21 jannewaris 2024
In ferslach fan de bruorren Kooistra út Dokkum.
Goeie flechtfreonen.
Yn de wintermoannen sitte de bruorren Kooistra twa jûnen yn de wike te koerflechtsjen, moandeitejûn by Bouwe en woansdeitejûn by Hendrik yn it hok.
Op woansdei 17 jann. hienen we spesjaal besite út Normandië Frankryk: 3 jagers mei oanhing dy’t op utnûging fan 2 jagers út De Wâlden op besite fan in pear dagen yn Fryslân wienen. By ljochtdei te jeijen en jûns in oare aktiviteit: op besite by de beide jagers Martin Wedzinga en Ote Boersma, hienen de flechtsjende broers betocht. No is myn kennis fan de Frânske taal nul-komma-nul, mar ien fan de dames wie it Nederlânsk ek machtig, dus dat wie prachtich regele. In prachtige jûn mei moaie ferhalen, útlis oer it meitsjen fan einekuorren en de jachtferhalen en safolle mear. De jûn fleach om mei in ôfslutend slokje. Ien einekoer en fjouwer fûgelhúskes binne meinommen nei Frankrijk. En mei in erfaring riker koenen we werom sjen op in prachtige jûn.
Bouwe en Hendrik Kooistra