In bysûndere gast op de koer fan Jan

Gytsjerk, 11 maart 2017.

Jan Oostenbrug stjoert in foto fan in iisfûgeltsje mei in fiskje dat op syn einekoer sit . Hy (ek al is it in wyfke, yn it Frysk sizze we hy)  is al in heal jier  by dit moaie plakje by  ’t Set yn Gytsjerk.

‘t Iisfûgeltje hat moaie kleuren, miskien hat it each foar de fleurige koer (???)

(Opmerking: it is bekend dat in mantsje-iisfûgeltsje yn de maitiid fiskjes oanbiedt oan syn favorite wyfke )