Oerterp, 6 febrewaris 2015.
Jan Falkena kaam mei in hiel bysûnder ferhaal oer kuorren en otters. Him waard troch Bosma, in bekende fjildbiolooch en saakkundige op it mêd fan bistespoaren, frege oft er ek in koer meitsje koe, dêr’t in kamera ynpast. Jan naam dy bysûndere opdracht oan en makke in kameramodel fan hout om de goede dingen te dwaan en flocht dêr in koer omhinne.
Bosma hie in snoad plan betocht om nei te gean oft de yn Fryslân oprukkende otter ek gebrûk meitsje soe fan in spesjaal foar otters oanbrochte pipe om se feilich fan de iene kant fan de dyk nei de oare te krijen.
De koer kaam by de pipe te stean en dêrnei waard de kamera yn de koer ynstallearre en op skerp setten. De earste resultaten wiene wol nijsgjirrich. Nochal wat einen wiene benijd nei de nije wente en beseagen de koer, dy’t foar har net sa geskikt opsteld is.
Mar no binne der foto’s fan in otter op en by de pipe! It is noch net dúdlik oft de otter ek gebrûk makke hat fan de ûndertroch-gong. Mar de kamera yn de koer fan Jan registrearret alles perfekt!